
DIELE FAN IT WAAD
Mei inoar
Foar it Waad
27 JUNY 2026
Ynrin 19: 00 – 19:30 oere / ôfslúting 22:00 oere
Nieuwebildtdijk 428
9079 PG St.Jacobiparochie
It Waad docht wat mei minsken
Elk dy’t oer it wetter fart, oer in sânplaat rint, troch de kwelder of by de seedyk del, fielt dêr wat bysûnders by…
Guon sykje unike natuerwearden, oaren de âlde ferhalen of wittenskiplike ûntdekkings. Al dy ûnderfiningen jouwe it Waad har unike wearde foar minsken, en dat is wat ‘dielers’ fan de byienkomst ‘Diele fan it Waad’ mei inoar útwikselje.
Op de ‘Dag van het Wad’, dat dit jier op sneon 27 juny falt, kin elk harren gefoel & ûnderfiningen op it Waad diele. Besikers harkje nei op it Waad ynspirearre ferhalen, foardrachten, muzyk, ûnder it genot fan in hapke en in drankje dy’t – fansels – fan it Waad komme.

Dichters, muzikanten nimme it publyk mei yn harren Waad-belibbingen.
Derby is er gelegenheid foar de leafhawwer om de Iepen Mic te pakken.
‘Diele fan it Waad’ is in inisjatyf fan Aggie Meijer en Sylke Kingma, skriuwers dy’t harren leafde foar it Waad graach op dizze manier mei eltsenien diele.
Fragen?
Kom yn kontakt






